P1020838-1500x1102UITSNEDE.png

26. Oudhuisterwegje 1-3 Earste sosjale wenningbou

Frysk
Yn 1913 binne dizze huzen boud. It wienen tegearre mei de wenningen oan ’e Ringwei 76-82 de earste ‘gemeentewenningen’ yn Marrum. Yn dy jierren begûn de oerheid har te bekommerjen om it ûnderdak bringen fan minsken mei in leech ynkommen. Wenningen dy’t net oan de elemintêre easken foldienen, waarden troch it gemeenstebestjoer ûnbewenber ferklearre. Dêr stie tsjinoer dat de gemeente sels huzen bouwe liet. Letter is de sosjale wenningbou oernommen troch de wenningkorporaasjes.
Yn it tiidrek 1913 oant 1985 binne likernôch 140 sosjale hierwenten yn Marrum boud.

Nederlands
In 1913 zijn deze woningen gebouwd. Het waren tezamen met de woningen aan de Ringweg 76-82 de eerste ‘gemeentewoningen’ in Marrum. De overheid begon zich in die periode te bekommeren om de huisvesting van mensen met een smalle beurs. Woningen die niet aan basale eisen voldeden, werden door het gemeentebestuur onbewoonbaar verklaard, waar tegenover stond dat de gemeente ook woningen ging bouwen. Later is de taak van de sociale woningbouw voortgezet door woningcorporaties. In de periode 1913 tot 1985 zijn ca. 140 sociale huurwoningen in Marrum gebouwd.

Oudhuisterwegje 1 3800x534 

Terug naar overzicht