POES-UITSNEDE.png

Nieuws

Griet Cuperus en Maaike Spoelstra yn it sintsje setten

Al 40 jier kinne de âldere Marrumers, ien kear yn de moanne, kofjedrinke yn it doarpshûs. En dêr is dan altyd wat nijs te belibjen. Film, in sprekker, bingo ens. Dit is destiids mei opsetten troch Griet Cuperus en Maaike Spoelstra. En hjoed wie it tiid om ôfskied te nimmen. Kees Wierstra spruts harren ta en dat wie wolfertsjinne. En dêr hearde in bosk blommen en in aardichheidsje by, dat kaam harren mear dan ta. De kofjemoarnen geane ut fan it aldereinbeleid Meiinoar Ien.
(foto: Jelly Keekstra)