P1020838-1500x1102UITSNEDE.png

Nieuws

Marrum / Marheim sjocht om nei ........

Marrum / Marheim sjocht om nei ........

Dit sil heve freed19 juny! Wat is der te rêden, wat falt der te sjen??

Sa't hiel wat 'katten en roeken' noch wol witte, binne der al hiel wat kearen by de ferskate doarpsfeesten revu's nei foaren brocht. Wat is der op dizze wize in protte oer it ferline en de histoarje fan Marrum / Nijtsjerk op de planken brocht. Tink ris oan sketskes oer de notabelen fan it doarp, de kapper en de mûnder! En wat in ferskes binne der songen. Sa as: 'It lieden fan klokken', 'It Waadseeliet' en 'Wês wolkom'.

No kinne jimme hjir wer stikjes,sketches oanpast oan dizze tiid, fan werom sjen en hearre, mar dan moatte jimme freed de 19e wol nei de tinte komme! Wa't sin hat kin al fanôf 5 oere yn de tinte terjochte, en om 17.30 oere kin der gesellich en hearlik iten wurde, (Mini buffet, sjoch side 6 fan it Feestprogramma-boekje).

Om kertier foar sânen (18.45 oere) kinne dy gasten komme dy't net mei ite, mar wol de foarstelling meimeitsje wolle. Jimme sille yn de tinte inkele lieten te hearren krije. Ja...Marrum / Nijtsjerk hat sûnt koart wer in sjonggroep! Om kertier oer sânen (19.15 oere) geane wy yn groepkes it doarp troch, om op ferskate plakken sketskes mei te meitsjen. Jimme komme hjirby ek op plakken wêr't je net alle dagen komme! En jimme sjogge dêr doarpsgenoaten yn it spier om wat moais del te setten. Nei ôfrin fan de doarpskuier komme we yn it doarpshûs wer by elkoar. Dêr stiet ûnder oare de sjonggroep wer klear om jimme te fermeitsjen.

"Komt dat zien, komt dat zien". "Zegt het voort, zegt het voort".

Foar € 10 kinne jimme dat allegearre meimeitsje; Mei it miel derbij kostet it € 15. (Komme jo allinich te iten sûnder nei de foarstelling te gean, dan kostet dat € 10)
Opjaan moat yn't foar by Jan van der Meer, Lage Herenweg 92.
Tillefoan 0518-41101
E-mailadres: Dit e-mailadres wordt beveiligd tegen spambots. JavaScript dient ingeschakeld te zijn om het te bekijken.