Nieuws
Afscheid van Geert Dijkstra als koster
- Details
- Gepubliceerd: donderdag 20 februari 2025

Útnoeging foar alle doarpsgenoaten en belangstellenden.
Nei 38 jier tsjinst giet de koster fan Marrum-Westernijtsjerk
Geert Dijkstra
mei pensjoen op 1 maart 2025. Wy noegje jim fan herte út foar syn ôfskied yn ‘e earetsjinst op sneintemiddei 2 maart om 14.00 oere. Foargonger is ds. Marije Mazereeuw. Nei ôfrin is der in momint foar neipraat mei kofje, tee & oranjekoek.
Út namme fan de Protestantse Gemeente Marrum-Westernijtsjerk,
It bestjoer fan tsjerkerintmasters en de tsjerkeried