kerk__winter_.png

'Mutsen' troch toanielferiening Marrum e.o.

Categorie
Agenda
Datum
9 maart 2018 20:00
Locatie
dorpshuis De Nije Tille

Mutsen

5 susters mei har jierlikse susterwykein.
5 susters mei in eigen karakter.
5 susters mei in eigen libben.
5 susters mei eigen swierrichheden en geheimen.
En allegear yn in fakânsje hûske.

De ferskillen tusken de susters wurde hieltyd dúdliker en foar it earst ek beneamd. De yrritaasjes wurde sichtber. De geheimen en swierrichheden komme boppe wetter. As dan ek noch suster seis ferskynt liket it gesellige wykeintsje fuort bedoarn.

It is een susterwykein fol mei humor en ûnferwachte wendingen.

“Mutsen” wurdt spile troch toanielferiening Marrum e.o. op freed 9 maart 2018 en sneon 10 maart 2018 yn ’t doarpshûs yn Marrum. De seis susters wurde spile troch Alie Veltman, Alie van Oosten, Monica Terpstra, Gaatske de Vries, Sjoukje Boersma en Janke Bouma. De regy is yn hannen fan Janet Rekker.
Jo bin fan herte wolkom!
Kaarten kostje € 9,00 per persoan en foar bêrn oant 12 jier € 5,00 per bern.

 
 
 

Powered by iCagenda