molen_in_de_winter.png

Toneeluitvoering "Slippers"

Categorie
Agenda
Datum
11 maart 2016 20:00
Locatie
Dorpshuis De Nije Tille

Vrijdag 11 maart en zaterdag 19 maart staan de “traditionele’ toneelavonden van de Toanielferiening Marrum e. o. gepland. Op deze avonden zal door een viertal leden van de toanielferiening onder regie van mw J. Rekker het stuk ‘slippers’ gespeeld worden Dit stuk is geschreven door Alan Aykbourn en in het fries vertaald door Tabe Beintema. korte inhoud van dit stuk;

In jong frommeske, dat al inkelde jierren omgong hân hat mei in troud man, kriget kunde oan in kreas jongfeint, dêr't se fereale op wurdt. Se kin lykwols mar min fan de troude man ôfkomme. Se seit tsjin har feint dat se in wykein nei har âlden ta sil. Hy wol dan mei, mar dat keart se, omdat it har doel is om nei har âlde freon, dy't har hieltyd noch bellet en attinsjes stjoert. Se wol it foargoed mei him ôfbreidzje. Tafallich fynt de jongeman it adres fan de âlde, mar se seit dat it fan har âldelju is. De jongfeint wol har ferrasse en giet de oare moarns betiid nei dat adres en wit net better of hy komt by har âlden telâne. In nuvere sitewaasje fansels. Dêr komt by dat har saneamde heit (de man dus dy't de slipperkes makke) der syn frou fan fertinkt omgong mei in oare man te hawwen. Dy mient dus dat de jonge man it

skarreltsje fan syn frou is, wylst de jongeman him de hân fan syn dochter freegje wol. De frou, dy't har mem hjit te wêzen, begrypt fan it hiele spul neat, mar spilet dochs mar mei. De sitewaasje wurdt noch helte yngewikkelder as de jongedame efkes letter ek noch arrivearret. Dy en de troude man kenne elkoar, mar wolle dat net skine litte. Hjir spilet dan noch trochhinne dat de jongfeint op 'e keamer fan syn faam ûnder it bêd in pear slippers fûn hat, dy't him ôfgryslik oergeunstich en wantrouwich meitsje. Hy hat dy yn syn wykeintas dien en as er yn dy tas omklaut om syn beurs te sykjen, triuwt er de troude frou ûngemurken de slippers yn 'e hannen. Dy frou wurdt heislike kjel, want se mient der de toffels fan har man yn te kennen.

Spilers: Janke Bouma-Groenveld, Monica Terpstra, Tjiske Regnerus, Lourens Koldijk
Rezjy: Janet Rekker

 
 
 

Powered by iCagenda